Terpstra sportman fan Fryslân

© Omrop Fryslân
Keatser Cornelis Terpstra fan Minnertsgea is freedtejûn yn Broeksterwâld sportman fan Fryslân wurden. Ut in dielnimmersfjild fan 12 Fryske sporters as fuotballer Johan Abma, âld-fierljepper Rimmer Abma en iishockeyer Erik Landman pakte Terpstra de titel. It twadde plak wie foar fuotballer Robert Herder, âld-keatser Sake Porte waard tredde.
De kompetysje bestie út û.o. út spearwerpe, hurdrinne en fytse.