Opbringsten wynmûnen minder

08 aug 2003 - 00:00

It waait de lêste jierren hieltyd minder. Dit jier liket it jier mei de minste wyn te wurden. Eigners fan wynmûnen sjogge de ynkomsten mei 20 prosint weromrinnen. Jaap Langenbach yn Peinjum sammelet de gegevens fan 180 wynmûnen yn Nederlân, wêrfan 30 yn Fryslân, en sjocht de ôfname fan de wyn.

Yn Dútslân komme eksploitanten yn de problemen om't se troch te min wyn net oan finansjele ferplichtings foldwaan kinne. Dat is yn Fryslân noch net sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)