Wês wach foar sikefûnsmeiwurker

08 aug 2003 - 00:00

De Friesland soarchfersekerer warskôget foar in mooglike dief. De man jout him út foar sikefûnsmeiwurker. De Friesland hat tal fan meldingen krigen út Snits. Hy seit ta 100 euro oan preemje werom te jaan as er yn de papieren fan de fersekerde sjen mei.

Syn plan is foar safier't bekend is noch net slagge. Hy soe ek op jild of juwielen út wêze kinne. Minsken dy't de man oan de doar hân ha, wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)