Damjen: Schotanus oan de lieding
Dammer Anton Schotanus út De Like is ien fan 'e trije koprinners by it ynternasjonale toernoai fan Brunssum yn Limburch. Schotanus, âld-Frysk kampioen, wûn yn 'e sande ronde fan 'e Rus Kostionov.
De âld-ynwenner fan It Hearrenfean hat no 12 punten. En dermei stiet er gelyk mei âld-wrâldkampioen Alexander Schwarzman út Ruslân en Erwin Heunen út Limburch. Freed wurdt de lêste ronde fan it toernoai spile.