Ballontocht foar freulewinners

© Omrop Fryslân
De huldiging fan it winnende partoer fan de freule gie woansdeitejûn hast mis. It partoer fan Wytmarsum soe fanút Wommels mei in luchtballon nei hûs. By de landing krige in wynflaach de ballon yn syn macht. De piloat moast al syn kwaliteiten brûke om net op de sneldyk Snits-Surch lande te moatten.
Uteinlik beteart alles goed. Nei de landing krigen it partoer en de coach de titel 'Graaf fan Wommels oant Wytmarsum'.