Flaters by oargelrestauraasje?

07 aug 2003 - 00:00

De toetsen en pedalen fan it krekt restaurearre oargel yn de Boalserter Martinitsjerke bliuwe hingjen. De oarsaak is noch net bekend, mar der wurdt tocht dat der flaters makke binne by de restauraasje. It soe ek wêze kinne dat it oargel wat fêstrint om't der oardel jier net op spile is.

De problemen kamen oan it ljocht by de earste twa konserten op it restaurearre oargel. De tsjerkfâdij sil kontakt opnimme mei de restaurateurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)