Rút stikken fan Achmeatoer

07 aug 2003 - 00:00

It terrein om de Achmeatoer yn Ljouwert hat woansdei opnij ôfsletten west. Der is in rút sprongen op de heechste ferdjipping dêr't it panoramadek is. Mooglik hat dat te krijen mei de waarmte.

De publyksdagen binne dêrtroch ôflast. Der wiene al 1300 kaarten foar ferkocht. It duorret acht wiken foar't der wer in nij rút yn kin. Om de boel yn de gaten te hâlden, wurde der alle oeren patrûljes hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)