Drylts: Van Kammen ljept 18.14

© Omrop Fryslân
Egon van Kammen wûn woansdeitejûn mei oermacht it fierljeppen yn Drylts. Mei 18.14 meter wie hy by de topklassers de iennige dy't yn foarm wie, want foar it oare wie it in matige ljepperij. De wedstriid yn Drylts wie de generale foar it Frysk Kampioenskip fan kommende sneon yn Winsum.
By de froulju ljepte Jantina de Vreeze-Van der Wal fan Blauhûs 14.94 en dat wie mei ôfstân de fierste sprong by de froulju dit seizoen.