Wytmarsum wint Freulepartij

© Omrop Fryslân
It jongespartoer fan Chris Anema, Jacob Zaagemans en Gert-Jan Meekma út Wytmarsum wûn woansdei de 98ste freulepartij. De favorite Wytmarsumers fersloegen yn in lette finale it Stienzer trio Geert Faber, Wessel Ferwerda en Jappie Leijenaar mei dúdlike sifers: 5-2 en 6-4.
"Wy ha ús bêst dien, mear siet der net yn", wie it kommintaar fan 'e Stienzer keatser Wessel Ferwerda. Yn Wytmarsum wie it woansdeitejûn feest.