Drokte op hurdsyldei

06 aug 2003 - 00:00

Snits stie woansdei yn it ramt fan de hurdsyldei. Mear as tsientûzen minsken kamen sjen by it hichtepunt fan de 68e Snitswike. Foar de silers stie der genôch wyn foar in moaie wedstriid. En it publyk fermakke him yn it moaie waar poerbêst oan de wâl. De EHBO hie it troch de waarmte ekstra drok.

Yn 45 klassen waarden wedstriden syld. Mei-inoar mear as tûzen silers soargen sadwaande yn de moarntiid foar in gribus oan boatsjes op de Snitsermar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)