Maatregels Coberco yn Jakarta

06 aug 2003 - 00:00

Suvelkonsern Friesland Coberco Dairy Foods nimt foar syn festiging yn Jakarta ekstra feilichheidsmaatregels. Dat docht it konsern fanwege de oanslach yn Yndonesië tiisdei.

It suvelkonsern wol net sizze om wat foar maatregels it giet. Der binne op it stuit gjin meiwurkers fan Friesland Coberco út Nederlân yn Jakarta. It bedriuw hat de meiwurkers dêr wol warskôge om ekstra wach te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)