Drokte by flitspeal Julianalaan

© Omrop Fryslân
In flitspeal oan de Julianaleane yn Ljouwert hat yn fjouwer wiken tiid hast 2700 ferkearsoertredings fêstlein. De peal waard yn april delset op fersyk fan it aksjekomitee 'Wij zijn het zat'. De bewenners woenen mei de flitspeal oantoane dat der fierstente hurd riden wurdt op de Julianaleane.
Neffens de plysje is it oantal fan 2700 oertredings net hiel folle. Wol wie it hieltyd fjoerwurk wie by de peal, sa faak flitste it ding.