Fragen oer apparteminteboat

© Omrop Fryslân
PAL/GrienLinks wol ûndersykje litte oft de apparteminteboat yn Ljouwert oan de easken foldocht. De fraksje tn de gemeentereid is op it bestean fan de boat foar de histoaryske gevels fan de Oostersingel attint makke doe't koartlyn besocht waard de boat yn de brân te stekken.
De fraksje is net bliid mei it lisplak en wol witte oft de boat in fergunning hat en yn it gemeentlike belied past. Se ha fragen steld oan it kolleezje.