Guon ambulânses ride wer

05 aug 2003 - 00:00

It Fryske ambulânsepersoniel rekket ferdield oer de aksjes. Sûnt moandei ferfiere guon personielsleden wer pasjinten. Dat binne minsken fan Kijlstra yn Drachten en Easterwâlde en fan Oenema op It Hearrenfean en De Lemmer.

It oppakken fan it wurk bart nei oerlis mei de wurkjouwers. De druk op de soarch wurdt nei oardel wike aksjefieren te grut. Yn oare regio's ride se inkeld yn spoedgefallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)