Plan jeugdwurkleazens te kearen

05 aug 2003 - 00:00

In grut noardlik offinsyf moat yn trije jier tiid twatûzen jongeren oan in baan helpe. MKB Noord koördinearret it plan. Mei it CWI en de noardlike gemeenten rjochtet it midden- en lyts-bedriuw him fral op it vmbo, tariedend beropsûnderwiis.

Foar dizze groep wurde learwurkplakken socht. Yn it MKB is der grut ferlet fan fakminsken mei in diploma. It noardlik offinsyf tsjin de jeugdwurkleazens begjint nei de simmerfakânsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)