Gjin tolerânsje yn Snits

© Omrop Fryslân
Snits ken yn de Snitswike in strang belied oangeande rêddraaiers. Al 25 lestige jongeren binne fuortstjoerd yn it ramt fan it 'zero-tolerance' belied. Se draaiden te hurde muzyk of soargen op oare wize foar oerlêst.
De havenmaster warskôget syn kollega's yn oare wettersportgemeenten oer de fuortstjoerde jongeren. Dêr krije se noch ien kâns. As it dêr wer mis giet, wurde se de provinsje útset. Oant no ta ferrint de Snitswike rêstich.