Hynders yn it skaad yn Bûtenpost

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan it 50ste Concours Hippique yn Bûtenpost sil woansdei besykje om alle hynders safolle mooglik yn it skaad te setten. As dat slagget ferwachtet de organisaasje net in protte swierrichheden troch it hite waar. De organisaasje tidiget op sa'n 5.000 besikers, mar slút net út dat dat der wat minder wurde.
De Freuledei yn Wommels hâldt ek rekken mei it waarme waar. Der sil tsjin in skaplik pryske wetter te keap wêze.