Berneopfang yn de knipe

© Omrop Fryslân
In tredde fan de subsidiearre plakken foar berneopfang yn Opsterlân ferdwynt. Stichting de Ploeg foar Wolwêzen en Berneopfang yn Beetstersweach hat it tal plakken fan 65 nei 45 werombrocht, om't de kosten omheech gien binne. De gemeentlike subsydzje is gelyk bleaun.
It liket der net op dat de stipe mear wurdt om't mei in nije berneopfangwet yn de takomst alle subsidiearre opfangplakken ferdwine. In djoerder alternatyf is partikuliere opfang.