Schuiteman tekenet by Cambuur

05 aug 2003 - 00:00

Cambuur hat Bernard Schuiteman fêstlizze kinnen. De ferdigener (29) spilet de kommende twa jier by de Ljouwerter fuotbalklub. Hy spile earder foar Bayern Leverkusen en Feyenoord. Hy meldt him tongersdei op de training.

Schuiteman stie yn de belangstelling fan ferskate klubs. By Cambuur moat er foarkomme dat de klub wer sa folle goals tsjin krijt as it ôfrûne seizoen, 77. Schuiteman spilet freed al mei yn de oefenwedstryd tsjin SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)