Berber v.d Berg nei WK yn USA

© Omrop Fryslân
Turnster Berber van den Berg fan It Hearrenfean is selektearre foar it WK turnjen yn Anaheim, yn de Feriene Steaten. Van den Berg wie blessearre oan de ankel en moast sneon dêrom noch in spesjale test dwaan foar bûnscoach Frank Lauters. Dy hat genôch fertrouwen yn har herstel.
Loes Linders is ek selektearre foar it WK. As Nederlân op it WK by de earste 12 lannen einiget sit kwalifikaasje foar de Olympyske Spullen der yn.