Fryslân suchtet ûnder waarmte

04 aug 2003 - 00:00

Parasols, swimbadsjes en fentilatoaren binne net oan te slepen. It waarme waar hâldt ek Fryslân yn de besnijing. Yn de lêste fakânsjewike siket elkenien ferkuolling op. Yn it skaad of by it wetter. Personiel yn de kassen by Berltsum wurket neffens in troperoaster. Se wurkje moarns en jûns.

De GGD jout as tips: goed drinke, goed ynsmarre en de holle bedekke. Net elkenien hat lêst fan de waarmte. Guon sitte it leafst de hiele dei bûten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)