Dijkstra wint op 'e nij

© Omrop Fryslân
It nije partoer fan PC-kening Johannes Dijkstra hat snein by it keatsen yn de haadklasse frije formaasje wûn yn Wytmarsum. Mei Herman Sprik en Arie den Breejen wie er mei 5-3 en 6-0 sterker as Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra.
By it jongeskeatsen wûn it partoer fan Frjentsjer snein op eigen grûn. Se fersloegen yn de generale foar de Freule, no woansdei yn Wommels, it partoer fan Stiens mei 5-1 en 6-0.