Droechte gjin gefaar foar natuer

© Omrop Fryslân
De droechte fan de ôfrûne wiken soarget net foar problemen yn de natuer. Ek de waarberjochten foar de kommende tiid, mei in soad sinne en gjin rein, leverje gjin swierrichheden op. Dat sizze wurdfierders fan it Fryske Gea en Steatsboskbehear.
It wetter yn de boskfennen en yn de beekjes stiet wol flink leger as oars. Ek de bosk is droech. Neffens Steatsboskbehear is der gjin brângefaar lykas yn de lannen fan Súd-Europa.