Koart plysjenijs

03 aug 2003 - 00:00

By in bedriuw oan de Foarwei yn Aldwâld is yn de nacht nei snein ynbrutsen. Wat krekt fuortnaam is, is net dúdlik. De plysje fûn sneintemoarn yn Drachten in auto dy't ôfkomstich wie fan it bedriuw.

In 45-jierrige man út Burdaard is sneintemoarn betiid om it libben kaam by in iensidige oanriding oan de Klaarkampsewei yn Rinsumageast. In tsjûge fertelde dat er in klap heard hie. Doe't de plysje kaam, wie it slachtoffer al stoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)