Berne-gemeenterie yn Ljouwert?

03 aug 2003 - 00:00

As it oan de fraksjes fan PvdA en CDA leit komt der in berne-gemeenterie yn Ljouwert. Troch it meidwaan oan sa'n bernerie, gearstald út de heechste groepen fan de basisskoallen, moatte 11- en 12-jierrigen ynteressearre reitsje yn de polityk.

Foarôfgeand oan de bernerie soe op skoallen wiidweidich omtinken wêze moatte foar in begrip as demokrasy. It foarstel foar de bernerie wurdt yn augustus bepraat yn de gemeenterie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)