Bûtenpost - Omrop-team: 6-9

03 aug 2003 - 00:00

It Omrop Fryslân Stjerreteam hat sneontejûn wûn fan VV Bûtenpost. De wedstriid waard spile foar de stifting Sviatoslav. De 1500 besikers ha allegear in euro jûn foar it goede doel.

De ôftraap waard dien troch Bear Boeloe dy't mei de helikopter oankaam. Krekt foar skoft waard it team fan Bûtenpost ferfongen troch de F-kes. Se ha in pear minuten meispile. Miranda Werkman fjoerde noch seis ballen tagelyk ôf op de keeper fan Bûtenpost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)