Janny Riemersma wint B-klasse

© Omrop Fryslân
Janny Riemersma is mei it skûtsje De Lege Wâlden kampioen wurden yn de B-klasse fan it IFKS-skûtsjesilen. It is de earste kear dat in froulike skipper kampioen wurdt. Twadde waard Henk Regts mei de Ut en Thús, in skûtsje dêr't wol fan sein wurdt dat it yn de A-klasse thúsheart.
Yn de A-klasse degradearje trije skippers nei de B-klasse. Dat binne Koos Lamme, Sint Bekkema en Robert de Jong.