Tekoart hierhuzen Súdwesthoeke

02 aug 2003 - 00:00

It tal minsken dat in hierhûs siket yn de Súdwesthoeke fan Fryslân is ferline jier mei mear as 25 persint tanommen. Mei inoar stiene der hast 3400 minsken ynskreaun by wenningstifting Haskerlân op De Jouwer.

De taname fan it tal wenningsykjenden is benammen grut yn de groep fan 30 jier en jonger, mar ek de fraach nei gesinswenten is grut. Dat docht bliken út it jierferslach oer 2002. De fraach nei huzen is folle grutter as it oanbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)