Personiel Brada bot skrokken

© Omrop Fryslân
De meiwurkers fan Brada Vleeschbedrijf yn Ljouwert binne bot skrokken fan it fallissemint fan it bedriuw. Mei inoar 210 minsken hawwe ûntslach krigen, mar wurkje de earste seis wiken noch troch. De meiwurkers binne freed oan 'e ein fan de middei op de hichte brocht.
De skulden by Brada Ljouwert en Brada Wezep binnen neffens de kurator en de direksje sa heech oprûn dat in fallissemint net foar te kommen wie. Oer in trochstart wurdt noch praat.