Brada dochs fallyt

01 aug 2003 - 00:00

Brada's Vleeschbedrijf yn Ljouwert is freedtemiddei troch de rjochter fallyt ferklearre. Alle 210 wurknimmers binne ûntslein. De skulden by Brada Ljouwert en Brada Wezep binne sa heech oprûn dat in trochstart fia dizze beide bedriuwen net ferantwurde wêze soe.

Om dy reden hat bewâldfierder Rick van der Spek de rjochtbank frege it útstel fan betelling om te setten yn in fallissemint. De kommende wiken wurdt noch praat oer in eventuele trochstart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)