Andriesen siket poatjirpels

© Omrop Fryslân
Lânboudeputearre Anita Andriesen hat freed jirpelboer Jan Hoogland fan Sint Anne holpen by it útsykjen fan poatjirpels. Dit wurk wie net nij foar Andriesen, want as dochter fan in jirpelboer hat sy dit folle faker dien yn 'e fakânsje. Andriesen hat op it stuit fakânsje en hie nocht om werris tusken de jirpels te wêzen.
As lânboudeputearre hat Andriesen har fansels ek byprate litte troch Hoogland oer de stân fan saken yn 'e ikkerbou.