Personielsstop Talma Sionsberg

01 aug 2003 - 00:00

Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum nimt foarearst gjin nij personiel mear oan en grutte ynvestearringen wurde útsteld. De direksje fan Talma Sionsberg nimt dizze maatregels om't it sikehûs dit jier 300.000 euro minder krijt as earder troch it ministearje fan Folkssûnens tasein wie.

De direksje is lilk oer de ûnferwachte budzjetkoarting en ferwyt minister Hoogervorst fan Folkssûnens ûnbehoarlik bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)