Tink om algen yn swimwetter

01 aug 2003 - 00:00

Leafhawwers fan swimmen yn iepen wetter moatte mei dit waarme waar foarsichtich wêze. Troch de waarmte kinne der gau skealike algen yn it wetter komme. Wetterskip Fryslân advisearret net samar oeral yn it wetter te dûken.

De kwaliteit fan it wetter wurdt op hûndert plakken by brêgen en fivers ûndersocht. It wetterskip hâldt de populêre swimplakken by marren en kanalen yn de gaten. Der wurdt fral sjoen nei oanwêzichheid fan blau-alch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)