Ynternetútjouwerij Gopher fallyt

01 aug 2003 - 00:00

Ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins is fallyt. By Gopher koene minsken boeken útjaan en printsje litte yn lytse oplages, sis mar 'on-demand'. Gopher is yn 1997 oprjochte troch de Fryske ûndernimmer Hans Offringa. It bedriuw joech ek wol Fryske boeken út.

De kurator fan Gopher is yntusken yn petear mei in oernamekandidaat. De fiif meiwurkers fan Gopher krije dien. Gopher Publishers waard twa jier lyn oernommen troch Quote Media.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)