Oerlêst jeugd Wurdum liket oer

01 aug 2003 - 00:00

De oerlêst fan jongeren yn Wurdum liket oer te wêzen. Dat seit jeugdplysje Meijer. Fan 't maitiid krige de plysje in soad klachten oer de jeugd. Nei oerlis tusken plysje, gemeente en jongeren, kamen de slimste argewaasjes op tafel.

De plysje kontrolearret op bygelyks omhingjen en it nachts mei de scooter riden. Dat helpt. De jongeren ha tydlik ek in eigen karavan krigen. Nei 1 septimber giet de jeugdsoos wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)