Wedstriden Hearrenfean by Canal+

© Omrop Fryslân
Fuotbalklup SC Hearrenfean hat mei abonneestjoerder Canal-Plus in kontrakt ôfsletten oer de útstjoerrjochten. De kommende twa seizoenen sil Canal-Plus de wedstriden fan 'e Feansters folslein útstjoere. Meiinoar ha 15 betelle fuotbalklups út 'e earedivyzje in kontrakt mei Canal-Plus.
Dêrnjonken sil Hearrenfean mooglik nije wike in kontrakt slute mei website Yeahronimo oer it live útstjoeren fan fuotbalwedstriden fia ynternet.