Winnend partoer is al útinoar

© Omrop Fryslân
It winnende PC-partoer fan woansdei Johannes Dijkstra, Karel Nijman en Folkert van der Weij sil net mear meiinoar keatse. De Wytmarsumer keatsers Nijman en Van der Weij keatse it seizoen út mei Jochum Bouma, sa hiene se Dijkstra al yn juny dit jier witte litten.
Dijkstra (34) sil dit wykein keatse mei Herman Sprik en Arie den Breejen. De PC-kening wol foarearst net fan ophâlde witte, ek net no't er de PC wûn hat.