Scherjon ljept Frysk rekord

31 jul 2003 - 00:00

Piet Scherjon fan Burgum ljepte woansdeitejûn op 'e Jouwer in nij Frysk rekord by de jonges. Mei 17 meter en 28 sentimeter ferbettere hyn syn âlde rekord mei 30 sentimeter. By de senioaren wie de winst ek foar in Burgumer: Bart Helmholt sprong 17.14.

Antke van der Wal fan Gryptsjerk pakte de titel by de froulju mei 13 meter 50. Thewis Hobma fan Easthim wûn by de junioaren. Hy die dat mei in sprong fan 16 meter 55.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)