Nije wenromte fûn foar Jousters

31 jul 2003 - 00:00

Wenningstifting Haskerland op 'e Jouwer hat fjouwer gesinnen dy't freed har hûs útmoatte oan in oar adres helpe kinnen. De wenningstifting die ferline wike in oprop foar wenromte, om't de hûzen fan de fjouwer famyljes freed sloopt wurde. Fanwege de krapte op de wentemerk hiene de minsken noch net wat oars fûn.

Op de oprop kamen fiif reaksjes. De wenningstifting hat de gesinnen yn kontakt brocht mei de oanbieders. Se moatte it noch iens wurde oer de hier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)