EOD lit bom ûntploffe

© Omrop Fryslân
De EOD, de eksplosive-oprommingstsjinst hat woansdei mei súkses in bom út de Twadde Wrâldoarloch opgroeven. Dat barde op de fleanbasis yn Ljouwert. De bom waard tongersdei ta ûntploffing brocht. It wie de bedoeling om de bom gelyk al te ferneatigjen, mar fanwege it minne waar slagge dat net.
De fleantúchbom weaget hûndert pûn en lei op twa meter djipte oan de noardkant fan de basis. Hy wie noch yn goede steat.