Hearrenfean - FC Koper: 2 - 0

30 jul 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hie woansdei net al te folle muoite mei it Sloveenske FC Koper. Troch goals fan Sibon en Knopper yn 'e earste helte wûn Hearrenfean mei 2-0. Hearrenfean makket hjirtroch in goeie kâns op ien fan 'e trije finales fan it Intertoto-toernoai.

Yn 'e finale fan 'e Intertoto kin Hearrenfean Europeesk fuotbal fertsjinje. De tsjinstanner yn 'e finale wurdt of Villareal út Spanje of Boby Brno út Tsjechië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)