Dijkstra is oare finalist

30 jul 2003 - 00:00

De oare finalist fan de PC is bekend. Nei in spannende heale finale tusken it partoer fan Rutmer van der Meer en Johannes Dijkstra wie lang om let it partoer fan Dijkstra mei Karel Nijman en Folkert van der Wei sterker as Van der Meer mei Henk Vlietstra en Taeke Triemstra.

De wedstriid gie lange tiid gelyk op en einige mei alles oan de hang: 5-5 en 6-6. De finale giet tusken Dijkstra en Berkepas. In ferrassende finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)