Undersyk nei greidesuvel

30 jul 2003 - 00:00

Kij moatte yn de greide as de konsumint dat wol. Dy moat wol mear betelje wolle foar de suvelprodukten ôfkomstich fan greidemolke. Dat fynt Van Weperen fan de Fakgroep Molkfeehâlderij fan de NLTO. Foar bedriuwen mei mear as 150 kij tinkt er net dat it helber is om de kij simmers weidzje te litten.

Dy boeren soenen de molke foar de eksport produsearje moatte. Suvelfabryk Friesland Coberco docht ûndersyk nei de produksje fan greidesuvel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)