PC folslein útferkocht

30 jul 2003 - 00:00

De jubileum-PC brekt alle rekords wêr't it giet om de publike belangstelling. Yn 'e rin fan 'e middei rekken ek de saneamde 'lânkaarten' foar steanplakken folslein útferkocht. Der binne woansdei 3.000 lânkaarten ferkocht en dat is neffens PC-bestjoerslid Foppe de Lang noch net earder bard.

It bestjoer hat dêrom de ferkeap fan lânkaarten stillein. It publyk waard advisearre om de PC thús fia de media te folgjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)