Ruterpaden yn boek

30 jul 2003 - 00:00

Op it Concours Hippique yn Bûtenpost komt nije wike in boek út. Dêryn steane rûtes foar hynsteriden yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. It gebiet tusken Surhústerfean en Ljouwert is geskikt om te riden om't der in soad sânpaden en houtwâlen binne.

Alle ruterpaden steane yn 'Met paard te gast in de Noordelijke Friese Wouden'. Op it fyftichste nasjonaal konkoers hippyk krijt kommissaris Nijpels woansdei it earste eksimplaar oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)