Helte Friezen hat thús ynternet

30 jul 2003 - 00:00

Yn de Súdwesthoeke hat minder as de helte fan de minsken tagong ta ynternet. Ut ûndersyk fan it CBS docht bliken dat yn trochsneed 56 prosint fan de Nederlanners thús in kompjûter mei ynternetoansluting. Yn de Súdwesthoeke leit dat persintaazje op 43 prosint. Dat is it leechste sifer fan it lân.

Yn de hiele provinsje hat 48 prosint thús de mooglikheid om op ynternet te kommen. Fryslân stiet dêrmei ûnder oan de list fan alle Nederlânske provinsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)