Cambuur ferliest oefenwedstryd

© Omrop Fryslân
Cambuur oefene tiisdei yn Frjentsjer tsjin de first division club Norwich City út Ingelân. Cambuur ferlear de wedstryd mei 4-0. Yn de rêst wie de stân 2-0 foar Norwich.
In oerwinning soe goed west hawwe foar de moraal fan de jonge spilersgroep. Cambuur-trainer Dick de Boer baalde dêrom fan de nederlaach. It is net de earste kear dat Cambuur ferliest yn de oefenperioade.