Bom fûn by Ljouwerter fleanbasis

© Omrop Fryslân
Op de fleanbasis Ljouwert wurdt woansdei in bom út de Twadde Wrâldoarloch opgroeven. It giet om in bom fan hûndert pûn dy't twa meter djip leit oan de noardkant fan de basis. De bom waard ûntdutsen troch de EOD.
De eksplosive oprommingstsjinst hat de grûn ûndersocht om't der in rûnwei om de fleanbasis hinne oanlein wurdt. De bom wurdt nei de opgraving nei de Alde Sjitbaan brocht. Dêr bringt de EOD de bom ta ûntploffing.