Taslach foar minima NW-Fryslân

29 jul 2003 - 00:00

Minima yn Noardwest-Fryslân dy't lang yn 'e bystân sitte, krije dit jier in saneamde 'langdurigheidstoeslag'. It is bedoeld foar minsken sûnder arbeidsperspektyf, dy't al op syn minst fiif jier in útkearing hawwe.

De ekstra bydrage fariearret fan 450 euro foar troude minsken oant 320 euro foar allinnichsteanden. 500 minsken yn 'e gemeenten Frjentsjerteradiel, Harns, It Bilt, Menameradiel en Flylân ha rjocht op de taslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)