Sieb Meijer wint by Starum

© Omrop Fryslân
Sieb Meijer fan Frjentsjer wûn moandei mei syn skûtsje De Jonge Jasper de twadde IFKS-wedstriid op 'e Iselmar by Starum. De wedstriid begûn trije kertier te let fanwege min waar en wetterhoazen op 'e Iselmar. De route waard om dy reden ynkoarte. Eelke Dykstra waard twadde, ûnder foarbehâld fan in tsjin him yntsjinne protest.
Meiinoar waarden der fjouwer protesten yntsjinne. De einútslach wurdt dan ek mei bepaald troch de protestkommisje.